English, Frysk

Yn de âld suvelfabryk fan Marrum wiene fan ‘e middei (snein 17 april) optredens fan dichters, muzikanten en byldzjend keunstners te belibjen. In prachtige lokaasje en ynspirearjende lokaasje dêr’t de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin sawat 6 wike wenne en wurke hat. Ta eare fan har en ta eare fan de komst fan de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin hawwe wy dizze middei organisearre; in bysûndere gearwurking tusken it Tosta-projekt en it Oare Wurden-projekt. Beide binne inisjativen fan Donostia2016. 

  
Load more