Frysk

Sa! Dokkum is wer skjin en it Tosta 2016-team is ûnderweis nei Galisië foar it folgjende TOSTA-Festival. Tank oan elkenien dy’t op hokker wize dan ek in bydrage levere oan in alderferskuorrendst moai TOSTA-Festival yn Fryslân! Tige tank! Foto’s sjen?

  

Frysk

Marit Talens (20) is hikke en tein yn Marsum. Al fanôf dat sy in lyts famke wie song en dûnse se. Letter song se yn ferskate bandsjes en hat dêrmei in pear kear de finale fan Sjong! helle. Yn 2015 wûn se Liet. Dat smiet in optreden op yn Itaalje, dêr’t sy twadde waarden. En dat wie it iennige Europeeske útstapke. Foar it TOSTA-projekt reizget Marit as lead vocal fan de TOSTA-band tegearre mei in ploech ynternasjonale muzikanten en sjongers de TOSTA-festivals ôf.

  

Frysk

It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 1 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk.

  

English, Frysk, Gaeilge

Sa spitich dat ik Fryslân no al wer ferlitte moat! De lêste twa wiken ha ‘k it hiel drok hân mei it tarieden fan myn workshop en it ôfmeitsjen fan myn keunstwurk foar de Tosta-tentoanstelling. De ynstallaasje is wer út inoar helle en yn bobbeltsjeplestik en karton ferpakt en Ramon yn Dokkum hat der foar soarge dat de foto’s dy’t derby hearre printe binne en klear om te ferstjoeren.

  

Frysk

De Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de ‘residencies’ fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Other Words (beide projekten fan Donostia / San Sebastian Kulturele Haadstêd 2016) .

  

English, Gaeilge

Tá coicís thart cheann féin agus tá rudaí ag teacht chun cinn anseo! Tá mé lonnaithe i Marrum, i sean-mhonarcha bainne, foirgneamh atá in úsáid anois mar áit oibre agus áit cónaithe do ealaíontóirí.  Tá an baile beag seo buailte ar an gcósta agus ar na réileáin láibe áit a dtagann go leor éin chun neadracha a dhéanamh an t-am seo den bhliain.

  

Gaeilge

Ba mhaith linn gach rath a ghuí ar Nuala Ní Fhlathúin atá roghnaithe le seal a chaitheamh sa bhFreaslainn mar chuid den togra Tosta.  Beith Nuala lonnaithe i Marrum, agus díreoidh sí ar shaothar a bheidh bunaithe ar thírdhreach agus ar theanga na Freaslainne.

Is as Conamara do Nuala agus tá sár-aithne ar a cuid oibre i measc an phobail sa taobh sin tíre.  Is í atá i bhfeighil ar an suíomh-idirlíon https://nuaealain.wordpress.com/  – tá an suíomh seo dírithe go hiomlán ar imeachtaí ealaíona in Éirinn.

  

Gaeilge

Deis a thabhairt d’Ealaíontóir am a chaitheamh sa san Fhreaslainn, agus deis a thabhairt dó nó di saothar a chruthú a thugann léargas ar theagmháil, tuiscint nó comhrá an ealaíontóra leis an bpobal teanga ina mbeidh sé/sí lonnaithe ar feadh na tréimhse cónaitheachta. Beidh an saothar a chruthaítear le linn na tréimhse cónaitheachta á léiriú mar chuid den togra TOSTA.

  

Frysk

De Kulturele Haadstêd fan 2016 San Sebastian / Donostia siket in Fryske keunstner foar it ynternasjonaal útwikselingsprojekt TOSTA. Op basis fan in publike oprop kinne keunstners út hiel Fryslân harren plan yntsjinje om yn de perioade maart – april 2016 te wurkjen yn ien fan de sân útwikselingsregio’s binnen it TOSTA-projekt. De oprop is benammen rjochte op keunstners dy’t graach yn ‘e bûtenlucht wurkje. Yn it bysûnder binne projekten wolkom dy’t rjochtstreeks in ferbining lizze mei de minderheidstalen dy’t mei de keunster, de gastmienskip en it TOSTA-projekt anneks binne.

  
Load more