Frysk

Marit Talens (20) is hikke en tein yn Marsum. Al fanôf dat sy in lyts famke wie song en dûnse se. Letter song se yn ferskate bandsjes en hat dêrmei in pear kear de finale fan Sjong! helle. Yn 2015 wûn se Liet. Dat smiet in optreden op yn Itaalje, dêr’t sy twadde waarden. En dat wie it iennige Europeeske útstapke. Foar it TOSTA-projekt reizget Marit as lead vocal fan de TOSTA-band tegearre mei in ploech ynternasjonale muzikanten en sjongers de TOSTA-festivals ôf.

  

English, Frysk

Hieltyd mear bands, artysten en oare aktiveiteten kinne definityf fêstlein wurde foar it TOSTA-Festival yn Fryslân. It programma groeit mei de dei en it sjocht der no al prachtich út. Fan workshops foar jong en âld oant byldzjende keunst en fan muzyk út Asturië oant Fryske street art. Begjin septimber is it grut feest yn Dokkum tidens de Admiraliteitsdagen yn de TOSTA-Village en dêrbûten fansels!

  

Frysk

De Afûk is in kulturele ynstelling yn Ljouwert dy’t sûnt 1928 bestiet. It doel van de Afûk is om de kennis oer en it brûken fan de Fryske taal en kultuer te fersterkjen. Taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht binne dêrby de kaaiwurden. By taalpromoasje kinst bygelyks tinke oan de Praat mar Frysk-kampanje, by taaloerdracht oan ús kursussen Frysk en it learplatfoarm EduFrysk en by kultueroerdracht oan de boeken dy’t de Afûk útjout.

Sjoch foar mear ynfo op www.afuk.frl.

  
Load more