English, Frysk

Yn de âld suvelfabryk fan Marrum wiene fan ‘e middei (snein 17 april) optredens fan dichters, muzikanten en byldzjend keunstners te belibjen. In prachtige lokaasje en ynspirearjende lokaasje dêr’t de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin sawat 6 wike wenne en wurke hat. Ta eare fan har en ta eare fan de komst fan de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin hawwe wy dizze middei organisearre; in bysûndere gearwurking tusken it Tosta-projekt en it Oare Wurden-projekt. Beide binne inisjativen fan Donostia2016. 

  

Frysk

De Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de ‘residencies’ fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Other Words (beide projekten fan Donostia / San Sebastian Kulturele Haadstêd 2016) .

  
Load more