Frysk

Sa! Dokkum is wer skjin en it Tosta 2016-team is ûnderweis nei Galisië foar it folgjende TOSTA-Festival. Tank oan elkenien dy’t op hokker wize dan ek in bydrage levere oan in alderferskuorrendst moai TOSTA-Festival yn Fryslân! Tige tank! Foto’s sjen?

  

Frysk

Marit Talens (20) is hikke en tein yn Marsum. Al fanôf dat sy in lyts famke wie song en dûnse se. Letter song se yn ferskate bandsjes en hat dêrmei in pear kear de finale fan Sjong! helle. Yn 2015 wûn se Liet. Dat smiet in optreden op yn Itaalje, dêr’t sy twadde waarden. En dat wie it iennige Europeeske útstapke. Foar it TOSTA-projekt reizget Marit as lead vocal fan de TOSTA-band tegearre mei in ploech ynternasjonale muzikanten en sjongers de TOSTA-festivals ôf.

  

Frysk

It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 1 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk.

  
Load more