Frysk

Tosta

Tosta band

De Tosta band is in groep dy’t foarme is troch sjongers en muzikanten út de sân regio’s dy’t it Tosta-projekt fertsjintwurdiget.

Tsjek de webside foar mear ynformaasje: www.tostabanda.com.

Frysk

Tosta

It Tosta hânboek

In handige gids om op in positive wize te wurkjen mei lytse talen yn ynternasjonale projekten.

Download hjir de gids

Frysk

Tosta

De Tosta dokumintêre

Op 21 febrewaris 2017, Ynternasjonale dei fan de Memmetaal, hawwe de sân minderheidstale-communities dy’t dielnommen oan it Tosta-projekt, tagelyk de premjêre fan de Tosta-dokumintêre fersoarge. In dokumintêre oer hoe’t sân lytsere talen yn Europa harren talen fiere en elkoar ynspirearje. In oade oan linguïstysk en kultureel ferskaat yn Europa. Makker: Jorge Fernandez Mayoral.

Frysk

Tosta

Partners

Tosta is in gearwurkingsprojekt tusken ferskate kulturele ynstellings yn sân lytse talegebieten oan de Atlantyske kust fan Europa. De gearwurkjen de parners binne: A Mesa Pola Normalización Lingüistica, Donostia / San Sebastián 2016, Sabhal Mòr Ostaig, Afûk, Euskaltzaleen Topagunea, Ag Cothú Na N-Ealaíon Sa Ghaeltacht and Depotación Da Coruña.

Frysk

Tosta

Nijs

It Tosta-projekt is op in soad ferskate wizen yn it nijs kommen yn alle sân dielnimmende regio’s. Hjir fynst alle nijsberjochten fan en oer it Tosta-projekt.

Frysk

Tosta

Einferslach en evaluaasje

Hjir fynst alle dokuminten oangeande ferslachlizzing en evaluaasje fan it Tosta-projekt.

Frysk

Wy steane op it punt om ôf te reizgjen nei Errenteria yn Baskelân. Dêr wurdt it alderlêste Tosta-festival hâlden as ûnderdiel fan it Atlantikaldia-festival. Sûnt febrewaris komme wy mei alle partners wer byinoar. Benijd nei it programma? Sjoch hjir! It is yn it Baskysk, mar mei Google Translate fan it Baskysk nei it Frysk komst in hiel ein.

  

Frysk

Sa! Dokkum is wer skjin en it Tosta 2016-team is ûnderweis nei Galisië foar it folgjende TOSTA-Festival. Tank oan elkenien dy’t op hokker wize dan ek in bydrage levere oan in alderferskuorrendst moai TOSTA-Festival yn Fryslân! Tige tank! Foto’s sjen?

  

English, Frysk

Wat binne wy moai fuort net?

Omrop Fryslân giet der op út dizze simmer! Us camper rydt dizze hiele simmer troch de provinsje en de einbestimming is op sneon 3 septimber de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Hjir dogge wy op lokaasje live ferslach fan op radio en tv. En op ynternet fynst eksklusive fideo-reportaazjes. Ek it promoteam fan Omrop Fryslân bringt in besite oan Dokkum. Sy nimme de blauwe Simmer yn Fryslân-sinnebril mei harren mei. Wolst ek sa’n bril? Sykje dan de Omrop op by de Admiraliteitsdagen op de Markt yn Dokkum.

  

Frysk

De Baskyske band Oreka TX spilet freed 2 septimber om 19.00 oere op De Markt op it Tosta-festival yn Dokkum.
Se spylje in miks fan tradisjonele muzyk en moderne muzyk en se litte har graach ynspirearje troch oare kultueren. Se binne binnen de wrâldmuzyk tige bekend en reizgje de hiele wrâld oer. Se binne no foar it earst yn Fryslân te sjen en te hearren. Hiel spesjaal is it muzykynstrumint de Txalaparta. In soarte fan ksylofoan dy’t iuwenlang yn Baskelân brûkt wurdt. In bysûndere groep muzikanten, dat: KOMME EN SJEN!

  

English, Frysk

Lekker en gesellich ite yn it Admiraliteitsgebou fan Museum Dokkum… Dat kin! Dêrst oars eksposysjes sjen kinst is no foar ien kear in restaurant iepene. Ite yn in sfearfolle museumseal dêr’t yn ‘e 17 iuw it kolleezje fan de Admiraliteit byinoar kaam.

It diner is gearstald troch Jan Cooks 4 You út Brantgum en bestiet út 6 gongen, seis streekgerjochten út gebieten yn Europa dêr’t in minderheidstaal praat wurdt. It Tosta-festival hat dêrby as ynspiraasje tsjinne, dat dit jier ûnderdiel is fan it Admiraliteitswykein yn Dokkum.

  

Frysk

It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 2 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk. Op it festival binne der optredens te sjen fan de Tosta-band, in band besteande út leden út de ferskate regio’s, en de Baskyske band Oreka TX. Sjoch hjir it folsleine programma.

  
Load more