Frysk

Tosta-festival fan 2 o/m 4 septimber yn Dokkum!

Posted on August 2nd, 2016

It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 2 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk. Op it festival binne der optredens te sjen fan de Tosta-band, in band besteande út leden út de ferskate regio’s, en de Baskyske band Oreka TX. Sjoch hjir it folsleine programma.

Der binne ek keunstwurken te bewûnderjen fan 7 keunstners út de ferskillende regio’s dy’t meidien hawwe oan in útwikselingsprojekt fan Tosta. Neist de ynternasjonale komponint is der binnen it Tosta-festival ek folop romte foar eigen aktiviteiten en regionaal talint. It programma groeit mei de dei en it sjocht der no al prachtich út. Fan workshops foar jong en âld oant byldzjende keunst en fan muzyk út Asturië oant Fryske street art. Kinst ek Fryske boeken en produkten keapje en skype mei oare Tosta regio’s.

Oan it TOSTA-Festival yn Fryslân dogge mei: Marit & Pa, Aukje Schaafsma, Nuala ni Fhlatuin, Zenna Tagney, Sophie Stevenson, Uxue Arzelus Gwylan Mor, Belen Tajes, Metz & Mulder, Sytse Jansma, Baba Live,  Oreka TX, Held op sokken, Klaas Lageweg, La Banda, Frouckje Jagersma, Xera, Understream, Tsjinlûd, Other Words en Bad End.

The Admiraliteitsdagen Festival is a free four days festival in september around the canals of Dokkum in the north of Friesland with lots of music, canal trips, culinary tastings, theatre and other arts.

Come visit the Tosta-Village from 2-4 September in the city center of Dokkum! We bring you music, art, film, literature, workshops and many more!

Participants: Marit & Pa, Aukje Schaafsma, Nuala ni Fhlatuin, Zenna Tagney, Sophie Stevenson, Uxue Arzelus Gwylan Mor, Belen Tajes, Metz & Mulder, Sytse Jansma, Baba Live, bookshop, workshops, Oreka TX, Held op sokken, Klaas Lageweg, La Banda, Frouckje Jagersma, Xera, skype with other TOSTA-regions, Understream, Tsjinlûd, Other Words, Bad End and many, many more!