Frysk

Soms moat men efkes bûten de eigen mienskip stappe

Posted on July 26th, 2016

Wistesto dat der yn Argentinië in regio is dêr’t Welsh praat wurdt? En dat men yn Kanada tradisjonele Skotse dûnsen dûnset? En dat der foar de Skotse kust in spesjaal koweras bestiet dat ûnder wetter libbet?

In rûntsje by de artysten fan it yntenasjonale TOSTA-Festival del smyt in soad nijsgjirrichs op. TOSTA is ien fan de grutste projekten fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. De ferskillende regio’s hawwe ûnderinoar keunstners útwiksele en dy binne yn harren gastregio oan de slach gien mei nije projekten. It festival sil fan 2 o/m 4 spetimber Dokkum oandwaan.

Soms moat men efkes bûten de eigen mienskip stappe om te begripen wat jins eigen mienskip bysûnder makket, wat it eigene krekt is, wêr’t de grinzen lizze.

De oerienkomst tusken de ferskillende minderheidstalegebieten is dat se allegear oan de kust lizze. De keunstners ha dus njonken it sprekken fan in ‘lytse’ taal ek de see dy’t har bynt, mar ferskillen binne der likegoed. Dat docht bliken út de reaksje fan Zenna Tagney, in byldhouwer dy’t mei Keramyk wurket. Sy komt út Kornwall, dêr’t mar in hantsjefol sprekkers fan de taal in pear kear per jier yn in kroech meiinoar ôfprate om – gauris mei it wurdboek derby – Kornysk te praten. Foar har wie it in wûnderlike ûndefining om in lytse taal ‘yn it wyld’ te hearren.

“It wie sa geweldich om in wrâld yn te stappen dêr’t de deistige taal it Keltysk is,” seit se oer har ferbliuw op it Isle of Skye, in grut, wjukfoarmich eilân for de kust fan Skotlân. “Ik woe dat der foar it Kornysk sa’n plak wie.”

Fia de mail skriuw ik sân TOSTA-keunstners oan, om wat mear oer harren te witten te kommen en alfêst in priuwke te krijen fan wat it publyk yn Dokkum meikoarten ferwachtsje kin. Guon reagearje net, oaren tige beknopt, mar dûnseres en choreagraaf Sophie Stevenson út de Skotse Heechlannen fertelt breedút en entûsjast oer har ferbliuw yn Baskelân en de film dy’t dat opsmiten hat.

“Soms moat men efkes bûten de eigen mienskip stappe om te begripen wat jins eigen mienskip bysûnder makket, wat it eigene krekt is, wêr’t de grinzen lizze. Ik ha wat fan it Baskysk oppikt en leart oer in oare kultuer en in oar lân. Ik ha in nij perspektyf wûn op myn eigen achtergrûn. Mar ek it besef dat it allegear hiel brekber is, dat ús talen ferdwine at se net mear diel útmeitsje fan ús deistich libben. Jins taal hinget net yn de loft, it is net fanselssprekkend dat it der is.”

Stevenson is ekspêr op it mêd fan de tradisjonele Skotse ‘step dance’ dat troch Skotse immigranten yn Kanada fierder ûntwikkele is. Ek dêr bleau men ticht by de see: de TOSTA-keunster reizge alris nei de Nova Scotia en Prince Edward Island om te dûnsjen en les te jaan op tradysjonele dûnsfestivals. Sokke ûndernimmings is se wiis mei.

“Men makket freonen en der binne allerhanne nije doarren dy’t iepengeane. Ik hoopje dat ik yn de takomst sa noch mear ynternasjonaal gearwurkje kin.” Ek oare artysten binne bliid mei de kâns om yn har eigen, faak tige lokale taal, dochs ynternasjonaal oan de slach te kinnen. Mar it is ek gewoan moai om op reis te wêzen. “Ik hâld fan reizgjen en dan nim ik graach myn wurk mei,” fedútst Luned Parry út Wales dy’t hiele bysûndere kollaazjes makket. Har wurkstikken op basis fan papier, klaai, âlde fotos en oar goedkeap materiaal, dogge my tinken oan trijedimensionale berneboekyllústraasjes.

“Ik ha earder alris nei Patagoanië west, in streek yn Argentinië dêr’t men in Welsktalige mienskip hat. Foar TOSTA ha ik seis wiken yn ‘Galiza’ ta hâlden, in hiel nijsgjirrige streek yn it noarden fan Spanje.” Der is fansels ek in Galisyske keunstner dy’t meidocht, muzikant Belen Tajes. “Wy binne besibbe oan de Kelten, mar ha yn ús taal net mear in soad Keltyske wurden,” seit se. “Us taal skaait mear út nei de Latynske talen.”

Tajes is betûft op allerhanne tradysjonele ynstruminten en jout dêr ek les yn. Dêrnjonken docht se ûndersyk nei Galisyske tradisjonele muzyk en besiket dy yn kaart te bringen. Foar har kaam mei it TOSTA-útwikselprojekt in dream út: “Ik hie der altyd al fan dreamd om nei Ierlân. Want de bân tusken Galisië en Ierlân is âld en magysk, der binne in soad leginden oer beide lannen. It wie fassinearjend om wat Gaelic te learen en mear oerienkomsten tusken ús lannen te ûntdekken. Foar in muzikant is Ierlân hiel nijsgjirrich. Ik ha bygelyks ‘sea shanties’ bestudearre yn it westen fan Ierlân.”

Foar harren bydrage oan it reizgjende TOSTA-festival ha de keunstners har ynspirearje litten troch harren gastregio’s. Tajes “skildere in boek”, sa’t se it sels seit, “mei bylden dy’t de muzyk by my oprôp. Men kin myn boek lêze en de ferskes dy’t ik yn Ierlân sammele ha beharkje.”

Op it festival is ek de trailer te sjen fan de film ‘Txalaparta Dantza’. Sophie Stevenson seit dêroer: “De film bringt twa talen bymekoar, it Skots gaelic en it baskysk. Ik wurke tegearre mei lûdskeunstner Xabier Erkizia, dy’t my allegeduerigen útdage om myn grinzen te ferlizzen, myn ideeën oars te skikken, it ‘nuvere’ en ‘ûnlogyske’ yn de struktuer fan de dûns ta te litten. Twa ferskillende talen en kultueren wurde bymekoar brocht yn ien ritme.”

Sy rekke ynspirearre troch de Baskyske Txalaparta, in grut, ksyloafoan-achtich ynstrumint mei houten planken dêr’t sy in dûns op útfiert. It sjongen yn it gaelic wurdt dien troch Màiri Britton en Eilidh Munro fan Stephenson har eigen band Huradal, mar men heart ek âlde opnames út it argyf fan The School of Scottish Studies. Stephenson hearde de Txalaparta far it earst doe’t sy de baskyske band Oreka TX hearde. Dy groep sil ek yn Dokkum optrede.

De bydrage fan keramiste Zenna Tagney hat ek alles te krijen mei it nuvere, en it ferlizzen fan grinzen, mar dan wer hiel oars. “Ik tocht, lit ik my foar it TOSTA-project ris ferdjipje yn Keltyske ferhalen fan de see. By myn ûndersyk trof ik mearkes oan oer de ‘Crodh Mara’ in hiel spesjaal koweras dat ûnder it wetterflak libbet, mar oan lân komt om te weidzjen. Myn wurk is in ynterpretaasje fan dat ferhaal.”

Did you know they speak Welsh in Argentina? And did you know they dance the traditional Scottish dance in Canada? And did you know there is a special Scottish cow that lives under water?

Frisian journalist Arjan Hut asked all seven TOSTA-artists about the TOSTA-Project and what we can expect at the TOSTA-Festival in Fryslân. They promise us an interesting festival!