English, Frysk

Stadichoan groeit it programma foar it TOSTA-Festival yn Fryslân

Posted on July 5th, 2016

Hieltyd mear bands, artysten en oare aktiveiteten kinne definityf fêstlein wurde foar it TOSTA-Festival yn Fryslân. It programma groeit mei de dei en it sjocht der no al prachtich út. Fan workshops foar jong en âld oant byldzjende keunst en fan muzyk út Asturië oant Fryske street art. Begjin septimber is it grut feest yn Dokkum tidens de Admiraliteitsdagen yn de TOSTA-Village en dêrbûten fansels!

Ien fan de earste bands dy’t op ús listje kaam te stean wie Xera. In typysk Asturyske folk band besteande út Flavia dy’t fioel spilet, Vérval as sanger en gitarist en Sander Veldman as drummer. Xera hat op alle grutte festivals yn Spanje spile en sûnt in pear jier spylje se ek yn Itaalje, Frankryk, België en Nederlân. En om’t it op it TOSTA-Festival allegear om lytse talen draait, mei in Asturyske band fansels net ûntbrekke! Sy spylje op sneon 3 septimber fan 14.00 oere ôf oan op it muzykpoadium yn de TOSTA-Village. Graach oant dan!

Xera was one of the first steps to the completation of the program for the TOSTA-Festival in Fryslân. More steps will follow so we can offer the audience a very varied program with lots of interesting activities, bands and more!

Xera is a typically Asturian folk band which played on almost every festival in Spain. After that they played in Italy, France, Belgium and The Netherlands. And because the TOSTA-Festival is about minority languages, we just needed them to play in Fryslân aslo! Come and see them on the 3rd of September in Dokkum!