Frysk

“Op it TOSTA-festival yn Dokkum ferwachtsje wy dat it wer in grut feest wurde sil!”

Posted on July 5th, 2016

Marit Talens (20) is hikke en tein yn Marsum. Al fanôf dat sy in lyts famke wie song en dûnse se. Letter song se yn ferskate bandsjes en hat dêrmei in pear kear de finale fan Sjong! helle. Yn 2015 wûn se Liet. Dat smiet in optreden op yn Itaalje, dêr’t sy twadde waarden. En dat wie it iennige Europeeske útstapke. Foar it TOSTA-projekt reizget Marit as lead vocal fan de TOSTA-band tegearre mei in ploech ynternasjonale muzikanten en sjongers de TOSTA-festivals ôf.

Do bist ûnderdiel fan in ynternasjonaal selskip. Hoe is dat foar dy?
“Mei it minderheidstalefestival yn Itaalje bin ik foar it earst yn oanrekking kaam mei muzikanten út ferskillende lannen en op de kemping yn Frankryk holden wy faak jam-sesjes mei oare muzikanten dy’t ek op de kemping stienen. Mar ik hie noch nea yn in offisjele ynternasjonale band sitten. It is superleuk; learst in hiel soad fan harren kultuer, taal en muzyk en de minsken binne stik foar stik topmuzikanten. It is bygelyks grappich hoe’t it foar harren normaal is om trije kear op in dei waarm te iten.”

Doel fan it TOSTA-projekt is it fieren fan de kulturele diversiteit. Hoe fiere jim dy en hoe litte jim dat oan it publyk sjen?
“As earste troch alle muzyk dy’t wy tegearre spylje en datst ek yn de nûmers fan oaren belutsen wurdst. Der wurdt ek gebrûk makke fan in grut ferskaat oan ynstruminten. Lykas de txalaparta út Baskelân. Dat is in soart fan gigantyske ksylofoan, dy’t je mei syn twaen bespylje moatte. Elk mei himsels wêze en yn syn eigen styl spylje.”

“Wy sjonge yn alle talen twa nûmers. Guon dêrfan binne tradisjonele songs en oare eigen skreaune ferskes. It rint útein fan sêfte balladen oant opswypkjende muzyk. Wy hawwe ûnderwilens trije optredens hân en de enerzjy op it poadium is by elkenien itselde: genietsje! Dêrtroch is der foar, ûnder en nei it optreden in hearlike sfear. Dat strielje wy ek út nei it publyk.”

“Op it TOSTA-festival yn Dokkum ferwachtsje wy dat it wer in grut feest wurde sil. En Friezen steane der om bekend dat sy ek wol in goed feestje bouwe kinne, dus dat komt grif goed. It publyk kin in gesellige, ynteressante, muzikale dei ferwachtsje. En ik hoopje dat it publyk der krekt like entûsjast fan wurdt as wysels.”

Taal is in belangryk ûnderdiel fan it TOSTA-projekt. Hoe geane jim dêr mei om?
“Wy kommunisearje benammen yn it Ingelsk en de helte fan de organisaasje en fjouwer fan ús band komme út Baskelân, dat it Baskysk hearre wy ek faak. Ik folgje der net in soad fan, ek al kin ik yntusken ‘meite zeitut’ sizze, wat ‘ik hâld fan dy’ betsjut.  Dus elkenien fynt my dêr wol leaf no.”

An interview in Frisian with lead vocal Marit Talens of the TOSTA-band. She promises a big party in Dokkum, Fryslân!