English, Frysk

Moaie middei yn Marrum

Posted on April 17th, 2016

Yn de âld suvelfabryk fan Marrum wiene fan ‘e middei (snein 17 april) optredens fan dichters, muzikanten en byldzjend keunstners te belibjen. In prachtige lokaasje en ynspirearjende lokaasje dêr’t de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin sawat 6 wike wenne en wurke hat. Ta eare fan har en ta eare fan de komst fan de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin hawwe wy dizze middei organisearre; in bysûndere gearwurking tusken it Tosta-projekt en it Oare Wurden-projekt. Beide binne inisjativen fan Donostia2016. 

Tige tank: Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Simon Oosting, Peter van Lier, André Looijenga, Kaneli en Smit, de Tigers fan Greonterp en Skelectief.

13051555_1026290014132161_3640922552505362726_n

Foto: Hélène Ketzer

Besjoch hjir de foto’s makke troch Laurens Bontes.

 

A lovely afternoon with poetry, art and music in the old dairy factory in Marrum.