English, Frysk

Nijs fan Nuala út Fryslân

Posted on March 31st, 2016

Ik bin no twa wike yn Fryslân en it is tige ynteressant allegear. Ik wenje yn in âld suvelfabryk yn Marrum en ik wurkje dêr mei oare keunstners yn ferboude wurk- en wenromtes. Oant no ta ha ‘k besocht om safolle mooglik te witten te kommen oer it lânskip hjir en oer de Fryske taal. Ik ha bylden en histoaryske ynformaasje sammele, ha mei in soad minsken praat en ik ha musea en útstallingen besocht. Hjoed gean ik nei Hegebeintum om mear te learen oer terpen, in soarte fan hichtes dy’t fanôf 500 FK troch de minsk makke binne om harren te beskermjen tsjin de see en it opkommende wetter. De dingen dy’t se fûn hawwe by ôfgravingen binne fantastysk, spoaren út it deistich libben. Ik ha ek natuerlike materialen fan It Waad sammele om mei te wurkjen. Ik ha amersfol mei “see klaai” yn myn studio en in pûde mei skieppewol dy’t ik krigen ha fan tige aardige en golle buorlju. It is in goed begjin.

Nuala Ní Fhlathúin

Two weeks into the residency and things are getting very interesting! I’m based in a former milk factory in the middle of the small town of Marrum, working alongside other artists in converted studio/living spaces. I’ve spend a lot of time so far  learning as much as I can about the local landscape and the Frisian Language. I’ve been gathering images and historical information, talking to people and visiting museums and exhibitions.  Today I’m doing a trip to Hegebeitum to learm more about Terps, mandmade hills that were constructed from 500 BC onwards to provide protection against floods and rising sea levels. The items that were found when they excavated these areas are amazing, traces of everyday life.  I’ve also been collecting natural materials to work with, from the mudflats of the Wadden sea. I’ve got buckets of “sea clay” in my studio and a bag of sheep’s wool donated by a very kind and generous neighbour. Its a good start…

Nuala Ní Fhlathúin