English, Frysk

Speure yn de grûn fan Cornwall

Posted on March 18th, 2016

It skeppingsproses fan it projekt ‘Grûn’ jout mear as allinnich it úteinlike keunstwurk. It einprodukt fan de útwikseling yn Cornwall is wer in mjitmomint yn in mânsker projekt. En stiet ek wer oan de begjin fan in nije ferzje fan it projekt. “Ik wol besykje om it konsept hieltyd fierder troch te ûntwikkeljen,” fertelt Aukje Schaafsma.

De artyste en aktrise giet sneon 19 maart fiif wiken nei yn de kustregio yn it súdwesten fan Ingelân om Fryslân te fertsjintwurdigjen yn it Tosta-projekt. Se sil der fierder wurkje oan har eigen fideo-performanceprojekt Grûn. Se hopet der in protte entûsjasme te finen by de ynwenners fan Cornwall om by te dragen oan it projekt en hopet bysûndere aspekten fan de pleatslike kultuer kennen te learen dy’t har projekt in ferrassende nije rjochting opstjoere kinne.

 

In persoanlike ynteresse foar it mienskipslibben, of foar “hoe’t minsken libje en hoe’t se mei-elkoar libje,” sa’t se ’t sels seit, is wat in pear jier tebek ek oan de basis stie fan it stúdzje-projekt Grûn. Aukje Schaafsma folge de performance-oplieding fan de Toneelacademie yn Maastricht en moast dêrfoar sels in performancekonsept úttinke. Se studearre ôfrûne simmer ôf oan de akademy. Op de oplieding wurke se ek al oan ferskate oare projekten oer en mei minderheden en subkultueren. “Mei Tatiana Pratley en Karel Hermans haw ik bygelyks alris in foarstelling makke oer klups en it ferieningslibben (Never Walk Alone by Tryater, red).”

It gebrûk fan dialekt wie ien fan de aspekten fan regionale kultuer dy’t Aukje by útstek moai fûn om wat mei te dwaan foar har eigen performancekeunstprojekt. “Dialekttaal, dat is op sich al moai en bysûnder. Ik ha der doe foar it performanceprojekt in foarm by betocht, mei fideowurk.” Mei it idee yn ’e holle gie se begjin 2013 nei Skiermûntseach. Wêrom’t se krekt foar it eilân keas? Aukje: “Om’t dat it iennige plak is dêr’t je yn de grûn grave kinne sûnder dat je steurd of ôflieden wurde.”

Op it eilân makke se mei bewenners in surrealisyske fideoklip. Yn de klip bringe de eilânbewenners letterlik yn harren eigen dunen in oade oan har eilân – dêrom de namme, ‘Grûn’. Aukje benadere sels eilânbewenners. Se hie in koar noadich om yn de fideo te sjongen en spyljen. “En ik woe ek graach yts út hannen jaan. Sadat it projekt altyd oars wurde soe as dat ik betocht hie.”

It resultaat fan it projekt stimde tefreden. Wol seach Aukje fuort ek wat der noch better kind hie yn de fideo. Op Skier wie it waar yn dat wykein fan de opnames ûngeunstich west. “En wy hienen mar twa kamerastânpunten. En de muzyk rint noch wat achter it byld oan.” Se woe in konsept graach brûke om mear mienskippen op te sykjen. “En dan soe ik it noch better dwaan wolle. En doe kaam it Tosta-projekt foarby.” Aukje liet gau witte dat se meidwaan woe – mei sukses.

It Tosta-projekt is opset troch de Europeeske ‘kulturele haadstêd’ dit jier, San Sebastián. It is betocht om artistike of kreative ekspresje te stimulearjen en ek om de rykdom fan kulturele en linguistike ferskillen tusken bewenners fan Europeeske regio’s út te ljochtsjen. Der binne sân Atlantyske regio’s by it projekt behelle dy’t elk op har momint de útkomsten fan it projekt oan it publyk presintearje kinne. Fryslân is ien fan de regio’s.

Aukje hat it plan om twa nije fideo’s op te nimmen foar har performance-projekt. Ien yn har perioade yn Cornwall. “En dat wol ik yn Fryslân nochris dwaan. Dus ik wol besykje Cornwall en Fryslân tsjinoer inoar te stellen.” It fideo-elemint fan it performanceprojekt kin yn elk gefal helpe om de regio’s mei-elkoar te ferbinen. “De byldtaal ferstiet elkenien.” It Kornysk, de âlde Keltyske taal fan Cornwall liket Aukje it meast ynteressante elemint fan de lokale kultuer. “In idee dat ik ha foar it projekt is om in nûmer of in wyske te sykjen dat je yn mear talen hearre litte kinne.”

De keunstwurken dy’t de ferskillende útwikselingen fan it Tosta-projekt opleverje, sille letter yn it jier as ‘kulturele lading’ fan in kontenerskip nei de partisipearjende regio’s brocht wurde. Yn eltse regio sil in twa- of trijedaags festival plakfine dêr’t minsken de wurken sjen kinne. Sa komme de wurken begjin septimber oan op de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Aukje: “Yn dy kontener wol ik miskien ek noch wol wer in konsept fan it projekt meistjoere. In soart bouprojekt foar in nije ferzje fan it wurk.”

 

In ynterview troch Tsjomme Dijkstra, skreaun foar kultureel opinyblêd ‘de Moanne’: www.demoanne.nl

An interview with Frisian artist Aukje Schaafsma about her residency in Cornwall.