Frysk

Tosta: in reis lâns Atlantyske minderheidstalemienskippen

Posted on November 12th, 2015

Yn gearwurking mei Donostia / San Sebastian as kulturele haadstêd 2016 sille in tal organisaasje, wêrûnder de Afûk, út ferskillende minderheidstaleregio’s gearwurkje oan in ynternasjonaal projekt.

It Tosta-projekt bestiet út twa dielen. Yn it earste part sille de dielnimmende regio’s in keunstner útstjoere en sille se gasthear wêze foar in keunstner út in oare regio. De keunstners sille keunstwurken meitsje ynspirearre troch de minderheidstalen en -kultueren. De oprop om mei te dwaan is iepen en sil yn novimber publisearre wurde op de Tosta-website en op oare plakken.

Yn it twadde diel dat yn it foarjier fan 2016 út ein set, sil in tal seekonteners nei de ferskate regio’s reizgje: Ierlân, Galisië, Fryslân en nei alle gedachten Wales, Skotlân en Cornwall. Dy konteners sille it dekôr foarmje foar de festivals dy’t organisearre wurde sille yn elke regio om it taalferskaat en de kulturele diversiteit fan Europa te fieren, de keunstwurken te presintearjen en om de gearwurking tusken dizze mienskippen bekend te meitsjen foar in grut publyk.

Nei de reis lâns de Atlantyske kust sil Tosta syn reis einigje as it by de kust fan Gipuzkoa oankomt. It wolkomstfeest sil tagelyk plak fine mei it Atlantikaldia festival dat ein septimber hâlden wurde sil yn Errenteria, en mei de Europeeske Dei fan de Talen (26 septimber).

Tosta hat trije doelen: it fieren fan it taalferskaat en de kulturele diversiteit fan dizze mienskippen, it befoarderjen fan kulturele útwikseling tusken dizze regio’s en it fersprieden fan de wearden fan it DSS2016Eu projekt. It wurd ‘tosta’ betsjut yn in protte fan de talen dy’t yn de dielnimmende regio’s praat wurdt, de bank yn in boat.

‘Tosta’, or the bedplate of ships, is a word that many small linguistic communities of the Atlantic axis have in common. This is, in fact, the working area of the embassy of “Ahotsen itsasargia” (the beacon of voices) of Donostia 2016. The mission of the Tosta project is to raise awareness of the minority languages and cultures of those countries, and to create opportunities for artists to work together overseas. The Basque Country, Ireland, Friesland and Galicia are the members of this project in 2015 and we are hoping that Wales, Cornwall and Scotland will join in 2016.